Wolkom op de webstek fan de
Welsh Language Board, “it Berie foar it Welsk”. Dizze webstek
befettet nuttige en nijsgjirrige ynformaasje oer Wales, de Welske
taal en oer it wurk fan de Board yn Wales en dêrbûten.
De Welsh Language Board is in
offisjeel orgaan, oprjochte yn 1993 mei it yn wurking kommen fan de
Welske Taalwet. It doel fan de Board is om it brûken fan it Welsk te
stypjen en te befoarderjen.. Dizze webstek lit sjen hoe’t dat
oanpakt wurdt. De webstek jout ek oan hoe’t jo as gewoane boarger,
as ûndernimmer of as organisaasje, it Welsk brûke kinne om jim
produkten en tsjinsten yn twa talen oan te bieden.
It praten fan mear as ien taal
is hiel gewoan – yn feite is mear as 60% fan de wrâldbefolking
twatalich. As jo Welsk leare wolle, de bern yn it Welsk opbringe
wolle, as jo dwaande binne mei in taalprojekt op skoalle, of as jo
samar mear leare wolle oer Wales en twataligens, dan kinne jo
antwurden fine op dizze webstek.